Poëzie

Priegel



Frysk

Doodlebug syn teddybear

Hjir is Doodlebug
krekt oardel jier âld
libbet hy allinnich
op ús grutte wrâld


Want Doodlebug
hat as lyts bern
op in moarn
syn âlden ferlern

Dêrom nimt Doodlebug
út Australië wei
oeral wêr't hy komt
syn teddybear mei

Want lytse teddybear
sa leaf en hearlik sêft
betsjut foar Doodlebug mear
as in freon yn 'e nacht.


 Salang't wy gedichten skriuwe


Levi, Max, Moos en Sam
dichters yn oarlochstiid
ûnderdûkt yn Fryslân
foar harren feilichheid.

Besykje troch harren tinzen
te fangen op papier
it oarlochsleed te fersêftsjen
want hja leauwe alle fjouwer.

Salang't wy gedichten skriuwe
kin ús neat oerkomme
as wy mar mei-inoar bliuwe
achter sluten doarren.

Yn 'e lytse skûlkelder
toane de stoffige ruten
de fjouwer freonen dúdlik
wat der him bûten ôfspilet.

In keppel soldaten
dy't mei blinkende gewearen
troch de lange strjitten
fan Fryslân marsjearret.

Mar salang't hja gedichten skriuwe
kin harren neat oerkomme
as hja mar mei-inoar bliuwe
achter sluten doarren.

Foar harren kaam de frede te let
om't hja ûndutsen waarden
troch in soldaat dy't deroan tocht
fan harren poëzy inkeld fjouwer sinnen útlekt.

Salang't wy gedichten skriuwe
kin ús neat oerkomme
as wy mar mei-inoar bliuwe
achter sluten doarren.